Fryske Bosatlas goed ferkocht

De nije Fryske Bosatlas docht it goed. Yn in moanne tiid binne der al mear as tsientûzen eksimplaren ferkocht. Dat meldt útjouwer Wolters Noordhoff út Grins. Utjouwer Noordhoff sil dan ek mear eksimplaren fan de Fryske Boskatlas printsje.
Yn de 500 siden dikke Fryske atlas steane kaarten en loftfoto's fan ús provinsje. Ek biedt it fjouwer kilo swiere boekwurk in soad achtergrûnynformaasje oer ûnderwerpen lykas keatsen en Fryske kultuer.