Oanbod âld papier leger

01 des 2009 - 07:39
  • Ald papier by Huhtamaki Frjentsjer

By âld-papierferwurker Huhtamaki Paper Recycling yn ûnder mear Drachten en Frjentsjer wurdt dit jier 20 persint minder âld papier oanbrocht. Dat is tusken de 50.000 en 60.000 ton. It oanbod fan âld papier fan konsuminten lykas krantlêzers is yn Nederlân 15 persint omleech gien.

It oanbod fan âld papier út de yndustry is ek folle leger. Huhtamaki skriuwt noch wol swarte sifers, mar in soad wurdt der net fertsjinne. Tydlike kontrakten binne al opsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)