Gjin huzen op yndustryterrein

Net wenje by heechspanningskabels
Troch strangere easken om heechspanningskabels hinne kin in yndustryterrein foar wenjen-wurkjen by Burgum net trochgean. Op it terrein lizze stikken grûn dêr't in bedriuw mei in wenning derby boud wurde mocht. Mar nije easken fan it Ryk hâlde dat no tsjin. Wenhûzen meie net langer sa ticht op stroomkabels boud wurde.
Der wie in soad belangstelling foar de kavels. De gemeente wol no de kavels útjaan foar de bou fan allinnich bedriuwen.