Listlûker socht

30 nov 2009 - 20:27
  • De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat

Der is kâns dat de politike partij Gemeentebelangen takom jier net meidocht oan de riedsferkiezings yn Gaasterlân-Sleat. De partij meldt dat der noch altyd gjin opfolger fûn is foar it iennichste riedslid dat se hawwe, Froukje de Haan fan Riis. Frou De Haan hat oankundige mei it politike wurk op te hâlden.

As der foar de ein fan dit jier gjin listlûker is, docht Gemeentebelangen yn maart net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)