Sven it faakst googele

Sven Kramer
Reedrider Sven Kramer is de meast googele sporter fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de ynternetsykmasine.
Neffens eigen sizzen brûkt de Nederlanner Google it faakst by it sykjen op it ynternet. It meast sochte wurd wie dit jier 'hyves'. De meast googele polityk lieder wie Geert Wilders, Wesley Sneijder wie de populêrste fuotballer. Sven Kramer einiget it heechst yn 'e kategory oare sporten.