Cambuurrellen:wer taakstraffen

De Ljouwerter rjochtbank hat moandei opnij alve relskoppers taakstraffen oant 240 oeren oplein foar harren oandiel oan de rellen nei de wedstriid Cambuur-Roda fan 3 juny. Mei-inoar hawwe no 41 manlju tusken de 16 en 45 jier in straf krigen fan 'e rjochter. De rjochtline foar de straffen is in taakstraf fan 180 oeren.
By de earste rjochtsaken krigen trije fertochten selstraffen oant in heal jier. Twa fan harren giene yn heger berop. It Hôf docht tiisdei útspraak.