Easterlittens bout sels

30 nov 2009 - 16:07

In groep ynwenners fan Easterlittens sil sels oan 'e slach mei nijbou yn it doarp. Dêrta hawwe de fiif famyljes in saneamd Collectief Particulier Opdrachtgeverschap, in CPO, oprjochte. It giet om it earste inisjatyf fan sa'n soart yn Fryslân.

De gemeente Littenseradiel stipet de plannen. Mei de leden, dy't yn it nijbouplan wenje sille, is al in foarkarlokaasje yn Easterlittens bepaald.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)