Hearrenfean net nei Súd-Afrika

Foppe syn plantsje giet net troch...
SC_Hearrenfean giet yn de winterstop net nei Súd-Afrika. Foppe_de_Haan hie dat graach wollen no´t hy dêr trainer is fan Ajax_Cape_Town. Hearrenfean kiest opnij foar in trainingskamp yn it Turkse Belek.
"Súd-Afrika hie prachtich west, mar it ferhaal is te ûnwis. As de kommende wiken in wedstriid net trochgean kin, dan moatte we dy yn it wykein fan 16 en 17 jannewaris al ynhelje," seit direkteur Yme_Kuiper. Dêr is in reis nei Afrika te djoer foar.