Fergoeding Berndsen terjochte

30 nov 2009 - 15:56

Korpssjef Magda Berndsen fan 'e plysje Fryslân hat har hâlden oan de ôfspraken dy't makke binne oangeande har ferhuzing nei Fryslân. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert yn syn funksje as korpsbehearder fan de plysje. Berndsen wennet al trije jier fergees yn in appartemint yn Ljouwert.

Har plysjekorps betellet de hier fan goed 760 euro yn de moanne. Neffens Berndsen is dat sa ôfpraat mei de korpsbehearder fan doe, Geert Dales. Mar Dales sels ûntstriidt dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)