'Loadstariven Harns befrieze'

30 nov 2009 - 15:17

De loadstariven yn de haven fan Harns moatte takom jier beferzen wurde. Der binne plannen om dy mei 15 persint te ferheegjen. Neffens skriuwer René Buitenwerf fan it Harnzer havenburo soe dat de deastek wêze foar de haven.

Ferline jier moasten de tariven ek al bot omheech, want it Ryk wol kostedekkende tariven. No't der troch de ekonomyske krisis minder skippen binne, soene de tariven wer omheech moatte. In mearderheid yn de Twadde Keamer stipet de Harnzer oprop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)