Strangere kontrôle by Cambuur

Crone: Cambuur-supporters moatte inoar oansprekke op harren gedrach
Der komt strangere kontrôle by de tagongspoarten fan it Cambuurstadion. Der komt ek kameratafersjoch. Dat binne maatregels dy't de gemeente Ljouwert nimme wol om supportersrellen by Cambuur foar te kommen.
Boargemaster Crone fynt dat fans inoar mear oansprekke moatte op min gedrach. Om dat foarinoar te krijen sil de gemeente om tafel mei klup en supporters. Moandei en tiisdei komme wer santjin fertochten fan de rellen yn juny foar de rjochter.