Plysje lost 15 stellerijen op

Ynbraak © ANP XTRA
Mei de oanhâlding fan in 15-jierrige jonge út Ljouwert hat de plysje seker njoggen stellerijen oplost. De jonge waard in pear wiken lyn oanhâlden fanwege ynbrekken yn klaaikeamers fan sportkantines.
By ûndersyk by de jonge thús fûn de plysje guod dat de jonge stellen hie. Dêrby wiene ek trije geheugenkaartsjes dêr't foto's op steane. De plysje siket de eigners fan dy kaartsjes. Op de webside dadergezocht.nl stiet in tal foto's. De plysje slút net út dat de jonge noch mear stellen hat.