Wietse en Neeltje wolle rêst

30 nov 2009 - 12:26
  • Wietse en Neeltje hawwe tegearre in soad wille

Noch ien dei en dan moat de rêst weromkeare foar boer Wietse Spyksma fan Aldetrine en syn nije leafde Neeltje fan Warkum. De ôfrûne moannen stie harren libben op 'e kop troch de sjochsiferhit Boer zoekt Vrouw.

Moandeitejûn sitte se by de Wereld draait door en foar Omrop Fryslân diene se noch in ynterview. En dêrmei is it klear. Wietse en Neeltje binne tegearre hiel lokkich, mar se binne ek bliid dat se no net mear troch kamera's folge wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)