Ekstra faksinaasjerûnde GGD

De GGD komt yn 'e wike fan 14 desimber mei in ekstra faksinaasjerûnde tsjin de Meksikaanske gryp. De twadde prik folget yn de wike fan 11 jannewaris. De ekstra prik is bedoeld foar minsken dy't de ôfrûne wike de prik mist hawwe fanwege sykte of oare omstannichheden.
De GGD krige de ôfrûne dagen in soad fragen fan minsken dy't net koene op de dei dat se oproppen wiene en hat dêrom besletten om foar dizze groep in ekstra faksinaasjerûnde te organisearjen.