Miljoenen foar binnenhavens

30 nov 2009 - 10:59

De provinsje krijt 5 miljoen euro fan it ryk om Fryske binnenhavens út te djipjen en te ferbreedzjen. It jild wurdt ûnder oare brûkt foar de yndustryhaven Houkesleat, de farwei nei Drachten, It Soal yn Warkum en de Swettehaven yn Ljouwert.

De provinsje en de feriening fan binnenfeartskippers hiene earder al om ekstra jild frege. De binnenfeart is neffens de provinsje in duorsume wize fan transport en wol dêr flink yn ynfestearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)