De Grootmonumint wer ôfbrutsen

30 nov 2009 - 10:33
  • It W.C. de Grootmonumint is wer fuort...

It W.C. de Groot-monumint op it Mercuriusplein yn Ljouwert is moandei ôfbrutsen. It monumint foar en troch alle Ljouwerters waard begjin septimber boud. Hast 4000 Ljouwerters bouden mei oan it keunstprojekt, dat bestie út dik 21.000 stiennen.

Mei it monumint woene it Fries Museum en keunstner Martijn Engelbregt de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot betinke. De Groot wie de betinker fan ferskate ferneamde gebouwen en wiken yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)