Earste ferlies Hajé Flyers

De Flyers ferlearen snein yn 'e ferlinging fan Geleen (foto Martin de Jong)
De Hajé Flyers ha sneintejûn de topper yn en tsjin Geleen yn de ekstra tiid ferlern. De earste twa perioaden wiene foar de Flyers. Andrey Levitin wie yn de earste perioade de Flyer skutter. De twadde perioade wie mei 2-1 ek foar de Feansters troch doelpunten fan Paul Vincent en Michael Nason. De tredde gong mei 3-1 nei de thúsploech, mei in Flyer goal fan Jamie Visser.
Yn de ferlinging pakte Geleen de winst. De Flyers krigen yn totaal 96 strafminuten.