Grut sukses foar Die Twa

Die Twa
It Fryske duo Die Twa hat yn seis moanne tiid in enorm súkses helle. Har twadde single 'Famke fan myn dreamen' stiet yn de top 100 en de tredde single 'Fûgels' stiet sûnt dit wykein op nûmer tsien yn de Download Top 100.
De ferskes wurde draaid op de nasjonale radio en de manlju wurde no al de nije Nick en Simon neamd. Krijn en Jacob, beide earder fan Berltsum, witte net wat se meimeitsje. Neffens harren slaan de Frysktalige en fleurige ferskes goed oan.