Tessa van Aalderen nei finale

29 nov 2009 - 17:28

Keunstrydster Tessa van Aalderen fan Skarsterbrêge hat har yn Amsterdam pleatst foar de finale fan it Nederlânsk kampioenskip keunstriden.

De 14-jierrige Van Aalderen die dat yn de kategory novice, dat binne de famkes oant 15 jier. Se is de iennige Friezinne dy't hjir yn slagge yn dizze kategory. Yn de kwalifikaasjes waard se twa kear 10e en ien kear 5e en dat wie genôch foar pleatsing yn de finale. Dy wurdt riden yn Eindhoven en is yn it wykein fan 19 en 20 desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)