Snits Wyt Swart wint

29 nov 2009 - 16:18
  • Trener Gerrie Schouwenaar fan De Jouwer (foto Martin de Jong)

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart wûn yn en tsjin Nieuw Buinen mei 3-0. It wie Frederik de Jong dy't de Snitsers yn de earste helte op in 1-0 foarsprong sette. Yn de twadde helte soarge spits Kassim Bizimana foar de 2-0 en 3-0. Snits Wyt Swart hat no sechtjin punten út alve wedstriden.

De oare haadklasser De Jouwer ferlear op it eigen fjild mei 6-0 fan WKE út Emmen. De Jouwer stiet ûnderoan mei twa punten út alve wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)