See-earnen briede wer

29 mrt 2012 - 14:57
  • Plak see-earnenêst Lauwersmar 2012

It pearke see-earnen yn it Lauwersmargebiet is wer oan it brieden. Dat befêstiget Steatsboskbehear. Oft en hoefolle aaien der binne is noch net wis. It giet nei alle gedachten om itselde pearke dat ferline jier in jong grutbrocht. It âlde nêst wurdt net mear brûkt. Se ha in nij nêst makke en dat leit wer yn it Fryske part fan de Lauwersmar.

It nêst is fan de wâl ôf net te sjen. Steatsboskbehear ferwachtet dat aardich wat minsken op de see-earnen ôfkomme en docht alle war om foar te kommen dat de fûgels fersteurd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)