Mishanneling yn Skraard

In ynwenster (25) fan Wytmarsum is yn de nacht fan sneon op snein oppakt troch de plysje om't se in ynwenster (24) fan Lollum mishannele hie. Dit barde yn in hoarekagelegenheid oan de Suderleane yn Skraard. De fertochte hie in glês pakt en dêrmei it slachtoffer slein. Dy rûn dêrby ferwûnings oan de nekke op.
Ek op De Lemmer wie it dit wykein rekke. In ynwenner (22) fan Eastersee krige dêr rúzje mei in ynwenner (22) fan De Lemmer en hie him slein.