Mishanneling yn Surhústerfean

29 nov 2009 - 15:58

Twa ynwenners fan De Harkema fan 30 en 31 jier binne sneontenacht oanhâlden yn it sintrum fan Surhústerfean. Se hiene dêr in ynwenner (19) fan it doarp slim mishannele. De 31-jierrige fertochte wie oan it fjochtsjen mei it slachtoffer doe't plysjes tuskenbeide kamen.

De fertochte waard oanhâlden, mar dêrnei sloech de oare fertochte it slachtoffer twa kear fol yn it gesicht. It slachtoffer foel op de grûn en rekke út de tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)