Bedriging yn Drachten
In 19-jierrige ynwenner fan Drachten is sneintemoarn oanhâlden foar bedriging. Yn in hoarekabedriuw oan de Noardkade hie er in meiwurker mei de dea bedrige.
Doe't plysjeminsken him hjir op oansprutsen en seine dat er ophâlde moast, gong er gewoan troch. De meiwurker hat oanjefte dien en de fertochte is meinommen nei it plysjeburo.