Geweld tsjin helpferlieners

Opnij binne helpferlieners dit wykein it slachtoffer wurde fan geweld. Sa gong yn it sikehûs fan It Hearrefean in man folslein troch it lint en bekûgele er de ferplegers en ferpleechsters.
De 22-jierrige ynwenner fan Middelstum wie earder op de jûn op de rotonde fan De Jouwer rjochttroch riden en doe mei de auto yn it wetter bedarre. Dêrby rekke er ferwûne oan de holle en dus moast er nei it sikehûs. Werom't de man dêr sa te kear gie is net dúdlik.