Fryske suksessen op NBK 2009

De Nederlânske Brassband Kampioenskippen wiene dit jier in folslein Fryske oangelegenheid. Yn alle divyzjes waard in Fryske brassband winner. Kampioen fan Nederlân is wurden brassband De Wâldsang fan Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde.
Sy hellen 96 punten mei Sketches from Nowhere fan Thomas Doss. Yn april 2010 meie sy Nederlân fertsjintwurdigje op de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn it Eastenrykse Linz.