Fierljepskâns werom yn Winsum

29 nov 2009 - 14:43

It fierljeppen krijt in definityf plakje yn it sintrum fan Winsum. De provinsje en de gemeente ha jild frij makke foar in opknapbeurt fan it sintrum nei in plan fan it doarp sels.

Yn dy plannen komt der in echte skâns werom en komt der in keunstwurk te stean dat in sprong sjen lit yn trije stappen. Ek wurdt de dyk sa oanpast dat it ferkear minder hurd ride sil. Doarpsbelang is al goed acht jier dwaande mei de tariedings en is bliid dat úteinset wurde kin mei de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)