Trainings mei F-16's

Trainings yn Noardwest-Fryslân
Yn Noardwest-Fryslân binne fan tiisdei oant en mei tongersdei trainings mei F-16's. Fan 09.00 oant 22.00 oere wurdt der ûnder oare leech boppe de grûn flein yn de Marnewaard en boppe Marrum.
De oefening fynt plak foar de oplieding fan militêren dy't fan de grûn ôf fia de radio ynformaasje útwikselje mei F-16-piloaten oer de krekte lokaasje fan oan te fallen doelen. Hjirfoar wurdt meardere kearen yn it jier oefene.