Gjin Van der Heide by Cambuur

29 nov 2009 - 12:30

Sandor van der Heide spilet moandeitejûn net foar Cambuur. De Ljouwerters spylje dan thús tsjin Telstar. Van der Heide hat nei de wedstriid tsjin FC Zwolle wer hinder krigen fan de knibbel dêr't er oan it begjin fan it seizoen oan operearre is.

Van der Heide sil dit jier net mear op keunstgers spylje. De wedstriid tsjin FC Omniworld op 12 desimber lit er ek sjitte. Kevin Diaz, Dennis v.d. Ree en Nuelson Wau binne fit. Van Nieuwstadt en Jansen binne noch blessearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)