Ofslútdyk oerenlang ticht

Foto: JRF/Jaring Rispens
De Ofslútdyk hat sneontejûn inkele oeren ôfsletten west nei in ûngelok earder op de jûn. It ûngelok fûn plak krekt nei it tankstasjon tusken Koarnwertersân en Den Oever.
By it ûngemak wiene twa auto’s belutsen. Ien persoan rekke ferwûne. In oar moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngemak.