Wer winst Arjan Stroetinga

28 nov 2009 - 23:45

Arjan Stroetinga hat syn fjirde oerwinning fan it maratonseizoen binnen. Op de iepen Jaap Edenbaan yn Amsterdam wie de ynwenner fan Waskemar opnij fierwei de sterkste yn de massasprint. Ploechmaat en lieder fan it klassemint Bob de Vries fan De Haule waard yn dizze swiere maraton 2e. By de froulju wie Carla Zielman de rapste fan in kopfroep fan trettjin. Maria Sterk fan Hallum wie mei in fiifde plak de bêste Friezinne en stiet twadde yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)