Aris de sterkste yn triller

28 nov 2009 - 23:44

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de thúswedstriid tsjin Matrixx Magixx út Nijmegen wûn. Nei in spektakelstik einige it duel yn 81-80.

Yn 'e lêste sekonden like de ploech fan Pete Miller ûnderút te gean doe't Nijmegen fia Michael Flowers nei de basket ta gie. Mar ta fernuvering fan elkenien waard hy ôffluite fanwege in oanfallende flater. Sadwaande wûn Aris foar de fiifde kear yn de lêste seis wedstriden. De Ljouwerters stean no op it fiifde plak mei 14 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)