SC Hearrenfean wint fan RKC

28 nov 2009 - 23:17

SC Hearrenfean hat foar de tredde kear dit seizoen in thúswedstriid wûn. RKC waard mei 3-1 ferslein. De thúsploech begûn foarsichtich, mar wie wol de bettere ploech. Viktor Elm makke yn de 39ste minút de 1-0. Yn de twadde helte wie opnij Elm de skutter: 2-0. Dêrnei waard in strafskop fan Elm keard.

Nei in oere spyljen waard RKC better en rekken de Feansters yn 'e war. Fred Benson makke de 2-1 en keeper Brian Vandenbussche moast syn foarm sjen litte. Roy Beerens soarge foar de 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)