Botsing yn Eanjum
Op de krusing fan de Stiemsterwei en de Staatsenwei yn Eanjum binne freed by in botsing twa minsken ferwûne rekke. In 61-jierrige bestjoerder út Gryptsjerk seach wierskynlik troch de leechsteande sinne in 27-jierrige automobilist út Eesveen oer de holle.
In botsing wie it gefolch. Beide bestjoerders rekken ferwûne en binne nei it sikehûs yn Dokkum brocht.