'Krityk op omrop ûnterjochte'

28 nov 2009 - 11:22

De Ried fan de Fryske Beweging is it net iens mei de krityk op it taalgebrûk fan de Omrop by de ferslachjouwing oer it lekken fan salpetersoer yn Dronryp. Der ûntstie dêrnei sels yn de Twadde Keamer diskusje oer de taal. Neffens de kritisy hie de Omrop folslein yn it Hollânsk útstjoere moatten.

De ried fynt lykwols dat de oanpak fan it barren yn Dronryp goed gongen is. De ynformaasje waard doe twatalich èn yn it Frysk èn yn it Hollânsk jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)