KNKB definityf nei It Fean

28 nov 2009 - 08:41

It bûnsburo fan it KNKB ferhuzet fan Frjentsjer nei It Hearrenfean. Op de algemiene jiergearkomste freedtejûn yn Frjentsjer joegen de keatsferienings it haadbestjoer mandaat om de ferhuzing ta te rieden. It keatsbûn komt yn itselde gebou te sitten as it KNVB, it fuotbalbûn.

De ferwachting is dat de ferhuzing takom simmer syn beslach krije sil. It kantoar yn Frjentsjer bliuwt yn gebrûk foar gearkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)