Fiskstreupers oppakt

27 nov 2009 - 21:42
  • It fiskstreuperijteam die in flinke fangst

It Visstroperijteam Friesland hat freed op it Slettemermar twa fiskstreupers pakt. De mannen hiene yllegaal 360 kilo snoekbears en wytfisk fongen. It streuperijteam fûn mear as acht partijen netten, mei in totale lingte fan 700 meter. Yn de netten siet de fisk.

De netten, angels, boat en bûtenboardmotor binne yn beslach naam. De fisk is op de fiskôfslach ferkocht. De twa manlju mochten nei ferhoar nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)