Cambuur gjin perioadekampioen

Trainer Stanley Menzo
SC Cambuur is der freedtejûn net yn slagge de twadde perioadetitel te pakken. De útwedstryd tsjin FC Zwolle waard mei 1-0 ferlern. Erik Bakker skoarde op slach fan de rêst it iennige doelpunt fan de wedstriid.
Yn de slotfaze krige Mark de Vries noch de kâns om de lykmakker te skoaren, mar slagge dêr net yn. De Ljouwerters steane yn de kompetysje no op in tredde plak achter Go Ahead Eagles en De Graafschap. Excelsior waard winner fan de twadde perioade.