Rimmer Mulder earelid

In ûnderskieding foar Rimmer Mulder
Ald-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, Rimmer Mulder is troch it Genootschap van Hoofdredacteuren beneamd ta earelid. Hy krijt de titel omdat er jierrenlang yn ferskate funksjes aktyf west hat as haadredakteur.
Freed waard yn Den Haach it 50-jierrich jubileum fierd fan it genoatskip. Mulder krige in earepenning en de meidieling dat er wol kontribúsje beteljen bliuwe moat.