Opkomst grypprik 76%

27 nov 2009 - 17:03

Mear as 30.000 minsken hawwe dizze wike yn Fryslân in prik helle tsjin de Meksikaanske gryp. De opkomst foar de faksinaasjes yn Fryslân is mei 76% krekt wat heger as yn 'e rest fan Nederlân. Freed wie de lêste dei fan de grutte faksinaasjewike.

Freedtemiddei makke it RIVM bekend dat de grutste pyk fan 'e Meksikaanske gryp foarby is. Mar neffens GGD-Fryslân wie de grutte operaasje dochs needsaaklik, omdat it net dúdlik wie hoe't de gryp him ûntwikkelje soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)