De HOVO hâldt op

Yn Ljouwert is foarearst gjin plak foar studinten boppe de 50...
De HOVO hâldt der mei op. Yn desimber sille de lêste kursussen fan it Hoger Onderwijs voor Ouderen yn Ljouwert jûn wurde. De HOVO is ûnderbrocht by de NHL. Mar de skoalle wol net langer foar de hege kosten opdraaie.
Der binne al langere tiid finansjele problemen by de HOVO. Ferline jier waard al in grut tal kursussen skrast. Oan de gearwurking mei de NHL komt no definityf in ein. Mooglik dat yn 'e takomst dochs wer op oare wize in kursusoanbod foar âlderen makke wurdt.