Priis foar dwerslizzer

27 nov 2009 - 16:01

De 'dwerslizzer' fan útjouwerij Jongbloed op It Hearrenfean hat de NIMA Excellence Award foar ynnovaasje wûn. By ynnovaasje tinke je neffens de sjuery net oan in papieren boek, mar de útjouwerij hat op in tûke wize har hjoeddeistige aktiviteiten omfoarme ta in nij produkt. Mei it boekje fan 8 by 12 sintimeter mei hiele tinne bledsiden is it lêskomfort fergrutte.

It boekje is sûnt septimber op de merk. Der binne no tweintich titels beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)