Fryske 'We are the World' komt

De opnames fan 'Dit is ús wrâld'
Der komt in Fryske ferzje fan 'e superhit We are the World. Yn 1985 diene tal fan wrâldartysten mei oan it nûmer om jild yn te sammeljen foar Afrika. Dizze kear binne it Fryske sjongers dy't fergees harren stim útliene. De opbringst fan 'e single giet opnij nei in goed doel; de stichting Baobab Leer Gambia Lezen.
Fryske artysten lykas âld-Reboelje-sjonger Marius de Boer, Gryt Wiersma en Tet Rozendal dogge mei oan 'Dit is ús wrâld'.