Smokende frijwilliger ûntslein

Soarchynstelling Lindestede yn Wolvegea hat in frijwilliger ûntslein omdat dy him net hâldt oan it rookbelied. Hy smookte doelbewust bûtendoar op in plak dêr't it net mocht. Jan Plaatsman fynt dat as je bûten smoke net ien der lêst fan hat.
De soarchynstelling fynt dat der allinnich smookt wurde mei op de oanwiisde plakken op it terrein en dat dy regels foar elkenien jilde, ek foar Plaatsman. Ferskate petearen mei Plaatsman hawwe neat opsmiten.