Poiesz komt mei eigen kofje

Poiesz komt mei eigen 'ferantwurde' kofje
Supermerkketen Poiesz komt mei in eigen kofjemerk. Dat bestiet út snelfiltermaling en kofjepads en hat de namme fan 'e winkelketen. De kofje wurdt makke by kofjebrânerij De Drie Mollen yn Boalsert.
De kofje hat it Rainforest-karmerk. Dat bestjut dat de kofje ferboud wurdt op plantaazjes dêr't boeren ûnder goede leef- en wurkomstannichheden en op in duorsume en miljeufreonlike wize wurkje. De Poieszkofje stiet fan kommende moandei ôf yn de winkels.