2 miljoen foar Shared Space

27 nov 2009 - 13:44

It Shared Space Institute yn Drachten krijt twa miljoen euro om ûndersyk te dwaan nei it shared-space-prinsipe. Dat hat Minister Eurlings fan Ferkear tasein op oantrunen fan it Fryske Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert.

Begjin dit jier is der in meldpunt oprjochte foar ûndúdlike ferkearsbuorden. De Rouwe hat sels ek in soad foto's krigen fan frjemde situaasjes mei tefolle buorden. Hy is dan ek bliid mei it ûndersyksjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)