Dingsdag ferfangt Breuer

27 nov 2009 - 13:07
  • Dingsdag stiet sneon tegearre mei Bak Nielsen yn 'e ferdigening

Michael Dingsdag foarmet sneon tsjin RKC Waalwijk it ferdigeningsduo tegearre mei Kristian Bak Nielsen. Dingsdag is de ferfanger fan de skorste Michel Breuer. Op 25 oktober yn de útwedstriid tsjin Willem II hie Dingsdag foar it lêst in basisplak.

Op it middenfjild kin SC Hearrenfean trainer Jan de Jonge net beskikke oer Michal Svec. De Tsjech krige yn de lêste wedstriid tsjin Ajax in kûtblessuere. Christian Grindheim sil him ferfange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)