VVD: Provinsje net sa duorsum

De VVD is kritysk oer de opstelling fan deputearre Piet Adema
De provinsje is net sa duorsum as dat se sels roppe. Dat seit de Fryske VVD. De partij regearret dêrmei op it nijs dat de provinsje net meiwurkje wol oan de opslach fan CO2. Neffens de VVD is dat net ôfpraat yn it Noardlik Enerzjyakkoart. Ek fine de liberalen de krityk fan Grinslân en Drinte op it beslút fan 'e provinsje te begripen.
Deputearre Marc Jager fan Grinslân utere flinke krityk op deputearre Piet Adema fan Fryslân. Oft de VVD wol foar CO2-opslach is, is noch net dúdlik.