Helte meiwurkers MCL yninte

Mear as de helte fan it personiel fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat him ynintsje litten tsjin de Meksikaanske gryp. Mei-inoar giet it om in lytse 1400 meiwurkers, sa'n 55 prosint. In mobyl prikteam gie de ôfrûne twa wike by de ôfdielings del om yn te intsjen.
Personiel yn 'e soarch wurdt oanret om in prik te nimmen omdat se kontakt ha mei risikogroepen. Minister Klink wol ek graach dat wurkers yn 'e soarch har ynintsje litte. It persintaazje by it MCL is heger as ferwachte.