Keunst Rinsma State fuorthelle

27 nov 2009 - 10:32

Yn Driezum hawwe meiwurkers fan in spesjalisearre bedriuw freed alle keunst út Rinsma State helle. De state is fan Dirk Scheringa, de direkteur fan de fallite DSB-bank. De keunst wurdt troch de ABN-Amrobank yn beslach naam omdat Scheringa it brûkte as ûnderpân foar in liening fan 32 miljoen euro.

Scheringa brûkte dat jild foar de bou fan in nij museum yn Noard-Hollân. De keunst yn dat museum is earder ek al yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)